Hersenschimmen yn 't Frysk

18 okt 2007 - 13:59

De tonielferiening fan Marsum fiert as earste it stik 'Hersenschimmen' fan de skriuwer Bernlef op yn it Frysk. It hjit dan 'Dizige Harsens'. Jelte Albada hat it stik oerset en sil it sels ek regisseare.

Albada brûkt it stik tagelyk as ôfstudearproduksje fan de rezjy-oplieding fan Keunstwurk. De Marsumer toanielferiening wol 'Dizige Harsens' ek opfiere yn bibleteken en op middelbere skoallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)