'Hersenbokaal' foar hânbalbûn

28 okt 2010 - 16:09

Mei tank oan âld-keepster Jokelyn Tienstra hat it Nederlâns Hânbal Ferbûn (Nederlands Handbal Verbond) tongersdei de 'Hersenbokaal'-publykspriis wûn. Dizze bokaal wurdt alle jierren útrikt oan it bedriuw dat it measte dien hat om in wurknimmer mei in harsensykte of harsenletsel yn tsjinst te hâlden.

Tienstra, âld-ynwenster fan Sint Anne, hat it hânbalferbûn foardroegen, omdat dy har bot stipe hat doe't by har yn 2008 in harsentumor ûntdutsen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)