Herre Zonderland kampioen

31 jan 2005 - 11:46

Herre Zonderland (21) fan De Lemmer waard it ôfrûne wykein Frysk kampioen turnjen. Syn talintfolle jongere broer Epke die mar op fjouwer ûnderdielen mei fanwege in blesseare oan syn tean. Epke waard likegoed tredde.

It Frysk Kampioenskip turnjen wie op It Hearrenfean. Yn 'e kategoary junioaren twa waard Anthony van Assche Frysk Kampioen. By de junioaren ien gie de titel nei Gawein Spoelstra. Michel Bletterman wûn by de tolvejierrigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)