Herre hâldt op mei turnjen

06 okt 2009 - 09:58
  • Herre Zonderland (foto: Martin de Jong)

Herre Zonderland hâldt op mei turnjen. Dat hat er tiisdei op de webside fan de plysje witte litten. Zonderland wurket sûnt trije jier by de plysje. Neffens him is it in goed momint om in punt achter syn karriêre te setten.

Hy docht nije wike noch mei oan it WK turnjen yn Londen en yn novimber oan it NK Teamturnjen. Dêrnei komt der in ein oan syn turnkarriêre. Herre Zonderland die de ôfrûne tsien jier ûnder oare mei oan sân Europeeske en fiif wrâldkampioenskippen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)