Herniapoly yn De Sionsberg

11 feb 2010 - 11:47

Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum hat sûnt koart in spesjale polyklinyk foar pasjinten mei hernia. Minsken mei dy sykte kinne op 'e herniapoly telâne foar ûndersiken. Se hoege no net mear wiken te wachtsjen op útslach.

Yn de herniapoly wurde pasjinten yn ien dei ûndersocht. Se krije in pear dagen letter de útslach. Foarhinne duorre dat proses earder in pear moanne. Op de herniapoly is alle wiken plak foar fjouwer pasjinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)