Hermans kandidaat 1e Keamer

17 jan 2007 - 17:11

Loek Hermans stiet tredde op de foarriedige kandidatelist fan de VVD foar de Earste Keamerferkiezings op 29 maaie. Hermans is foarsitter fan MKB Nederlân, mar wie earder kommissaris fan de keningine yn Fryslân.

De VVD-partijleden meie har yn maart útsprekke oer de kieslist. Begjin april wurdt dan de definitive útslach bekend. Op nûmer ien stiet Uri Rosenthal. Hy is no fraksjefoarsitter fan de VVD yn de Earste Keamer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)