Herman van Veen yn Ljouwert

26 jan 2005 - 17:38

Herman van Veen repetearret yn febrewaris in wike op it ROC de Friese Poort yn Ljouwert. It ROC hat syn teaterseal nei Van Veen neamd nei oanlieding fan in besite ferline jier.

Van Veen komt no nei Ljouwert om twa nije foarstellings ta te rieden. 20 learlingen fan de skoalle sille de produksje fan de foarstellings fersoargje. Nei de repetysjes sille der ek twa try-outs te sjen wêze op freed 4 en sneon 5 febrewaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)