Herman Sprik wikselt fan partuer

01 jun 2006 - 15:50

Nei fiif wykeinen keatsen is wer in nije formaasje foarme yn de manljushaadklasse. Herman Sprik giet by syn maten Sibbele Lootsma en Cornelis Terpstra wei. Mei yngong fan 30 juny, as de earste partij fan de twadde searje keatst wurdt, komt Sprik út mei opslagger Robert Rinia en achterynse Pier Piersma.

It is op dit stuit noch net dúdlik hoe't it komt mei de formaasjes dêr't Sprik, Rinia en Piersma no mei keatse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)