Herman Brood by Open Stal

17 aug 2010 - 19:45

In útstalling fan keunst fan Herman Brood wurdt yn 2011 ien fan de hichtepunten by Open Stal yn Aldeberkeap. It Fryske keunstevenemint bestiet dan 40 jier. Troch de jierren hinne is it evenemint hyltiid profesjoneler wurden. De kwaliteit fan de keunst is no in stik heger as 40 jier lyn. Takom jier sil in weromblik komme op de ôfrûne jierren. Dêrfoar wurdt no al argyfûndersyk dien.

Dit jier luts Open Stal in rekôroantal besikers, it wiene der hast tsientûzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)