Herentals-UNIS Flyers ferpleatst nei woansdei

22 mrt 2016 - 17:23

De útstelde wedstriid fan UNIS Flyers tsjin it Belgyske Herentals wurdt woansdei spile. Om acht oere jûns nimme de Feansters it yn Herentals op tsjin de Belgen. De wedstriid soe tiisdei spile wurde, mar gie fanwegen de oanslaggen yn Brussel net troch. Foarôfgeand oan de wedstriid sil in minút stilte hâlden wurde.

De Flyers en Herentals spylje om de titel yn de BeNe League. Beide klups wûnen ien wedstriid yn dizze 'bêste-fan-trije' finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)