Herdershûn byt frou yn earm

20 jan 2007 - 13:12

In losrinnende herdershûn hat tongersdei yn Wolvegea in frou yn 'e earm biten. De 62-jierrige frou wie oan it kuierjen op de Oranje Nassaulaan doe't se ynienen biten waard. In taksysjauffeur dy't der tafallich delried, hat har holpen.

De ferwûning wie sa slim dat de frou nei de dokter moatst. De plysje is op syk nei de eigner fan de herdershûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)