Herder hat goeie papieren net

04 jan 2012 - 16:24

Harkemase Boys hat in probleem. De topklasser hat nammentlik mei Robert Herder in nije haadtrainer oansteld, mar dy mei neffens it KNVB hielendal net as trainer op de bank sitte. Neffens it fuotbalbûn moat in trainer yn de topklasse in oefenmaster 1 diploma ha, en Herder hat oefenmaster 3.

Harkemase Boys hat dispensaasje oanfrege, mar dy jout it KNVB net. Harkemase Boys hat in advokaat útsykje litten oft Herder oan de slach mei en neffens de klup is it oermacht no't Wieb Rodenhuis siik is. Mocht de klup dochs fierder gean mei Herder, dan kin de straf oprinne oant punten yn mindering.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)