Herder en Wierda: talintpriis

29 nov 2002 - 00:00

Andreas Wierda fan 'e Jouwer en Renske Herder fan Garyp ha tongersdei by de presintaasje fan 'e reedridersseleksje de Takomst Talintprizen krigen. Wierda en Herder krije de priis foar harren oprinnende prestaasjes fan it ôfrûne seizoen. De prizen wurde takend troch de sportredaksje fan Omrop Fryslân.

Foarsitter Oostenburg fan it Gewest Fryslân wol dat seleksjeleden tenei ek meidogge oan wedstriden op natueriis, as dat der de kommende winter komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)