Herbergierhús foar deminten

19 apr 2010 - 22:38

Fryslân krijt ynkoarten yn Dronryp en Bartlehiem twa lokaasjes foar lytsskalige opfang foar demintearjende âlderen. Dat meldt de organisaasje De Drie Notenboomen, dy't ek ferantwurdlik is foar de saneamde Thomashuzen yn Fryslân.

Maksimaal 15 demintearjende âlderen kinne in plakje yn sa'n hûs krije. It doel fan de inisjatyfnimmers is om de bewenners op in sa persoanlik mooglike wize te ferplegen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)