Henrique werom nei Brazilië

04 apr 2010 - 13:56

Paulo_Henrique ferlit SC Hearrenfean. De oanfaller (21) giet werom nei Brazilië. Ferline wike waard bekend dat Henrique syn kontrakt net ferlingd wurdt en trainer Jan Everse docht gjin berop mear op him. Dêrom wol de Braziliaan graach fuortendaliks werom nei syn heitelân. SC Hearrenfean wurket mei oan dat fersyk.

Yn Brazilië hat de klup Palmeirars al belangstelling toand. Paulo Henrique spile sûnt 2007 foar Hearrenfean. Hy spile 68 wedstriden en skoarde 19 kear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)