Henneplantaazje Parregea oprôle

27 jan 2006 - 11:33

Der is tongersdei in henneplantaazje yn Parregea oprôle. Yn in wenning oan de Trekwei stienen 600 planten, ek waarden trije doazen mei droege planten fûn.

De hennep is yn beslach naam en ferneatige. Dat jildt ek foar de apparateur dy't yn de plantaazje brûkt waard. De bewenner fan it hûs, in 48-jierrige man, is oanhâlden. De plysje kaam de hennepplantaazje op it spoar troch in tip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)