Hennepkwekerij ûntmantele

22 feb 2008 - 21:10

De plysje yn Ljouwert hat freedtemiddei yn in wenning oan de Brederostrjitte in hennepkwekerij ûntmantele.

Der waard in ynfal dien op basis fan in anonime tip. Yn ien fan de keamers trof de plysje 146 planten oan. De apparatuer en de planten binne yn beslach naam en it guod is yntusken fernietige. De stroom waard yllegaal ôftape. It enerzjybedriuw hat derom ek oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)