Hennepkwekerij oprôle yn Harns

30 des 2008 - 10:21

De plysje hat moandeitejûn yn Harns in hennepkwekerij oprôle. Earder dy dei hie de plysje in melding krigen oer in ynbraak by in bedriuw oan de Koewei yn Starum. Dêrby wie in klûs meinaam.

Nei buertûndersyk krige de plysje de tip dat in auto mei dêryn twa minsken sjoen wie by it bedriuw. De auto wie fan in man (31) út Harns. De plysje hat syn hûs trochsocht. Yn de garaazje waard de hennepkwekerij mei goed 200 planten fûn. Der is gjin bewiis dat de man belutsen wie by de ynbraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)