Hennepkwekerij oprôle

22 okt 2004 - 16:48

Yn in gebou oan de Lijnakker yn Easterwâlde is tongersdei in hennepkwekerij oprôle. Dêrby is in 50-jierrige man oanhâlden.

De plysje soe de man thús oanhâlde, fanwege stellerij fan in fyts en in oanhingwein. De plysje seach dêrby ek even by de man op 'e souder en fûn dêr de kwekerij, mei tritich planten. De planten binne yn beslach naam en ferneatige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)