Henky meldt him by plysje

21 mrt 2007 - 06:57
  • Om dizze tekst fan 'Henky' gie it

'Henky út Jistrum' hat him tiisdei melden op it plysjeburo yn Burgum. De plysje wie nei dizze Henky op syk, om't hy in misledigende reaksje achterlitten hie op de webside Wâldnet.

Henky hat him troch al it omtinken fan de media frijwillich melden. Syn saak is lywkols net behannele om't de oanbelangjende aginten net op it buro oanwêzich wiene. Dat hat er oan de redaksje fan Wâldnet ferteld, sa wurdt melden op dy side.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)