Henket presintearret plannen

31 mrt 2004 - 00:00

De Brabânske arsjitekt Hubert Jan Henket wie woansdei yn Ljouwert om syn plannen foar it nije Frysk Museum oan de gemeenteried te presintearjen. Hy hat in plan makke mei it legaat fan 18 miljoen euro fan de ferstoarne arsjitekt Abe Bonnema.

It nije museum komt op it Saailân yn Ljouwert. Foar it museum komt in plein yn Súd-Amerikaanske styl. Om it 4 ferdjippings hege museum hinne komme winkels en hoareka.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)