Henk Wolf sjocht werom op ûngelok: 'In markol yn myn each'

26 des 2015 - 14:02
  • Henk Wolf

Op peaskesnein, 5 april 2015, oerkaam skriuwer en dosint Henk Wolf in nuver ûngelok. As bestjoerder fan in klassike Jeep rekke hy ferwûne op de rûnwei fan Garyp, doe't In merkel dwers troch syn foarrút hinne fleach. Henk Wolf krige de fûgel en it glês yn it gesicht en rekke slim ferwûne oan syn each. De markol oerlibbe de klap net."

Henk Wolf is operearre oan syn each. Neffens it earste berjocht soe er blyn wurde oan dat each, mar dat foel ta. It each waard ûnferwachte better. Henk Wolf jildt no as in medysk wûnder, neffens de eachdokter.

Henk Wolf kin mei it operearre each wer foar 15% sjen. Oer it bizarre ûngelok en de wûnderbaarlike genêzing hat Henk Wolf no in boek skreaun: 'Een meerkoet in mijn oog'. Yn radioprogramma Buro de Vries sjocht Henk Wolf werom op it ôfrûne jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)