Henk Vlietstra noch net better

29 apr 2005 - 11:18

Henk Vlietstra kin noch net oan it nije seizoen begjinne. De haadklassekeatser hat de ôfrûne tiid bot mei syn sûnens sukkele. Hy wie ferline jier septimber by in keatswedstriid út de tiid rekke en ôffierd nei it sikehûs.

It is ûndúdlik wannear't Vlietstra de keatssport wer oppakke kin. De 35-jierrige tinkt noch net oan ophâlden. Hy wol der alles oan dwaan om syn keatskarriêre op in goeie wize ôf te sluten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)