Henk Veerman wer yn de spits; Te Vrede noch ûnwis

14 des 2015 - 12:41
  • Henk Veerman

Henk Veerman spilet tiisdeitejûn yn it bekerduel tsjin Roda JC wer yn de basis. Ofrûne freed spile hy ek al. Doe wie syn konkurrint Mitchell Te Vrede blesseard. Te Vrede trainde hjoed wol foar in part mei. Neffens Hearrenfeancoach Foppe de Haan is it noch ûnwis oft Te Vrede meidwaan kin, mar as hy fit is, sit Te Vrede op de bank.

Fierder binne alle spilers fit en sil Foppe spylje mei deselde spilers as ôfrûne freed tsjin Excelsior.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)