Henk Veerman hat alles yn him om in kultfiguer te wurden

07 feb 2015 - 11:03
  • Henk Veerman hie in goede kâns, mar skoarde net

De nije spits fan Sportklup Hearrenfean Henk Veerman hat alles yn him om in kultfiguer te wurden. It publyk song de nije spits woansdei mei de wedstriid tsjin Feyenoord al by syn warming-up ta.

Veerman tekene ferline wike in kontrakt by Hearrenfean. En dat wylst hy fjouwer lyn noch by de fjirdeklasser RKAV Volendam spile en skilder wie. By de amateurs spile hy as lêste man, mar syn trainer sette him ynienen yn de spits. Dêr begûn er te skoaren en gie hy nei it haadklasseteam fan RKAV Volendam.

Ek dêr skoarde hy de iene nei de oare goal, wêrnei't FC Volendam him in kontrakt joech. Dêr woe it earst net mei Veerman en FC Volendam woe syn kontrakt net ferlinge. Veerman tekene in kontrakt by de topklasser Lienden. Oan de ein fan syn twadde seizoen mocht hy ynfalle yn in wedstriid tsjin Achilles '29. Hy skoarde yn tsien minuten fjouwer kear, wêrnei't Volendam him dochs in nij kontrakt jout. Dit seizoen makke hy yn 22 wedstriden 16 goals, wêrnei't SC Hearrenfean him oanlûkt.

Ferslachjouwer Roelof de Vries besocht Veerman yn Volendam. De reportaazje is hjirûnder werom te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)