Henk Schievink pakt wer winst

24 maaie 2008 - 23:22
  • Henk Schievink is op't heden de man yn foarm (foto Martin de Jong)

Fierljepper Henk Schievink makket in fantastyske seizoenstart troch. De âld Burgumer hat nei trije wedstriden al twa oerwinningen yn'e bûse. Sneontejûn wie hy de bêste yn It Heidenskip mei in sprong fan 18.96 meter. Oane Galama waard twadde mei 18.50. Thewis Hobma wie tredde. Hy kaam ta 18.44 meter.

By de junioaren wûn Jacob Scherjon fan Burgum. De winst by de froulju gong ferrassend nei Joke de Boer fan Snits. Folkert Heida fan Haskerdiken wie de bêste by de jonges.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)