Henk Pruiksma yn Earste Keamer

11 maaie 2005 - 15:29

Henk Pruiksma fan Goutum is tiisdei beëdige as lid fan de Earste Keamer. Pruiksma is lid fan it CDA en folget Alis Koekkoek op, dy't op 18 april ferstoar. Pruiksma wie earder tolve jier lid fan de gemeenteried yn Ljouwert en hat ek tolve jier yn Provinsjale Steaten fan Fryslân sitten.

Pruiksma is plakferfangend-foarsitter fan it Centraal Tuchtcollege voor de Gezondheidszorg en fise-presidint fan it Gerjochtshôf yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)