Henk Konings op non-aktyf

31 mrt 2010 - 08:52
  • Henk Konings (foto: omroep Flevoland)

Trainer Henk Konings is troch fuotbalferiening Urk op non-aktyf setten. De Drachtster wie dwaande oan syn tredde seizoen by de Urkers. Troch de minne resultaten fan de eardere haadklasser hat it bestjoer dizze stap nommen. De spilers hiene it seizoen wol mei Konings ôfmeitsje wollen.

Urk stiet op dit stuit op it achtste plak yn de earste klasse D. In plak by de earste fjouwer is nedich foar promoasje nei de haadklasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)