Henk Gemser yn bestjoer NOC-NSF

13 okt 2004 - 09:55

Ald-reedrydcoach Henk Gemser fan Aldehaske wurdt bestjoerslid fan de sportkoepel NOC-NSF. Hy krijt de portefeuille topsport. Formeel moatte de leden fan de NOC-NSF noch tastimming jaan foar de beneaming.

De beneaming sil nei alle gedachten heal novimber offisjeel syn beslach krije op de algemiene ledegearkomste. Gemser folget Wim Cornelis op. Gemser is de lêste jierren ek aktyf as kommentator by de NOS.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)