Henk Gemser sjef de mission

03 okt 2008 - 17:30

Ald-reedrydcoach Henk Gemser fan Aldehaske wurdt de nije Sjef de Mission foar de Olympyske Winterspelen 2010 yn Vancouver yn Kanada. Gemser is de opfolger fan Charles van Commenée, dy't atletykcoach wurdt yn Grut-Brittanje.

Mei de beneaming fan Gemser komt NOC*NSF temjitte oan de winsk fan de wintersportbûnen om sa gau as mooglik in opfolger te finen. Henk Gemser is no noch bestjoerslid fan sportkoepel NOC*NSF. Dy funksje leit hy del.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)