Henk de Jong: "Ik fiel my belazerd"

27 jan 2016 - 22:12

Cambuurtrainer Henk de Jong wie woansdei helder yn syn oardiel nei ôfrin fan de wedstriid tsjin AZ dy't mei 3-1 ferlern waard. "Ik fiel my belazerd" sei er. Yn de earste helte spilen de Ljouwerters min, "It is in skande wat se sjen litten ha". Mooglik hienen se lêst fan it fuortgean fan Ogbeche, mar neffens de trainer moatte spilers dêr profesjoneel mei omgean. Yn it skoft hat er dúdlike taal sprutsen yn de klaaikeamer en wie sa lilk dat der ek wol wat saken sneuvele binne. De twadde helte wie al better, mar koe de earste net mear goedmeitsje.

De Jong makke ek de ferliking mei de twa iishallen dêr't miljoenen yn stutsen is, wylst it dêr mar in pear kear yn it jier fol sit. Om de wike sit it Cambuurstadion fol en hat de klup dêrmei ek maatskiplik in grutte rol. Neffens him moat der faasje makke wurde mei it nije stadion en wurdt it tiid dat provinsje en gemeente Cambuur helpe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)