Henk de Jong bêste trainer '09

23 maaie 2009 - 15:18
  • Trainer Henk de Jong

Trainer Henk de Jong fan Harkemase Boys hat de Rinus Michels Award 2009 wûn. De Jong is hjirmei de bêste trainer fan 2009 yn it amateurfuotbal. Henk de Jong waard de opfolger fan Fritz Korbach dy't mei de Boys degradearre wie nei de earste klasse.

Henk de Jong promovearre mei Harkemase Boys nei ien jier earste klasse wer nei de sneonshaadklasse. Yn 2009 waard Henk de Jong mei Harkemase Boys kampioen fan de haadklasse en winner fan de noardlike fuotbalbeker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)