Henk Angenent mei ride

10 des 2010 - 17:52

Henk Angenent en Erik Hulzebosch meie by de kommende Alvestêdetocht starte. Dat hat de Alvestêdeferiening freed bepaald op de algemiene ledegearkomste yn de Harmonie yn Ljouwert. Ek oare reedriders dy't by de tocht by de earste alve sieten meie meidwaan. By de froulju giet om de earste fiif.

It bestjoer fan de keninklike feriening De Friesche Elf Steden die dat foarstel, de leden hawwe dermei ynstimd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)