Hemstra wint Marderhoekrin

15 nov 2009 - 16:48
  • Saco Hemstra

Hurdrinner Saco Hemstra fan Weidum is sneon twadde wurden by de Marderhoekrin yn Aldemardum. Winner waard Jan Scheenstra út Súdfean. Dy rûn de tsien Ingelske milen yn 56 minuten en 4 sekonden.

Hemstra kaam fjouwer minuten letter oer de streek. Tiedo Tinga fan Boalsert einige as tredde. De rin oer 10,3 kilometer waard wûn troch Hendrik Hoekstra fan De Jouwer. Der wiene 182 atleten yn Aldemardum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)