Hemminga kritysk oer museumplan

28 mrt 2006 - 10:48

As foar de gebouwen fan it hjoeddeiske Frysk Museum gjin passende bestimming komt, giet de ferkeap net troch. Dat seit Piet Hemminga, foarsitter fan it Frysk Genoatskip, grûnlizzer fan it Museum yn it Omrop Fryslân TV-programma Brekking. It museum ferhuzet mooglik nei in nij gebou op it Saailân.

Neffens Hemminga kin der gjin sprake wêze fan in hotel- of winkelfunksje. As de ferkeap net trochgiet, ûntstiet in miljoenetekoart yn de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)