Hemmen werom by SC Cambuur

30 aug 2013 - 12:49
  • Michiel Hemmen

Michiel Hemmen is hersteld fan in blessuere oan de ljisk. De oanfaller sit sneon dan ek gewoan wer by de seleksje fan Cambuur foar de wedstriid tsjin PSV. Hemmen miste ferline wike de wedstriid tsjin FC Zwolle. De wike dêrfoar hie de spits in grut oandiel yn de 4-1 oerwinning op FC Grins. Oft Hemmen tsjin PSV ek yn de basis stiet woe trainer Dwight Lodeweges noch net sizze, mar dy kâns is wol grut.

Ek liket it der op dat Oliver Feldballe yn de basis begjint tsjin PSV. Dat soe dan ten koste gean fan Oebele Schokker.

Mooglike opstelling Cambuur: Nienhuis, Droste, Leeuwin, Van der Laan, Bijker, El Makrini, Bakker, Ritzmaier, Feldballe, Hemmen en Lukoki.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)