Hemmen noch net wis by Cambuur

24 jan 2014 - 13:31
  • Michiel Hemmen
  • Ferslachjouwer Geert van Tuinen yn petear mei keeper Leonard Nienhuis

It is noch net wis oft Cambuur spits Michiel Hemmen folslein fit is foar de wedstriid tsjin SC Hearrenfean. De spits trainde freed wol mei, mar der moat noch ôfwachte wurde hoe't de reaksje yn syn knibbel is.

Cambuur begjint snein nei alle gedachten mei Martijn Barto yn de spits. Nije oanwinst Ogbeche makket in goede yndruk. Ek hy sit snein by de seleksje. Martijn van der Laan (kût) en Mohammed El Makrini (knibbel) hienen freed noch wat lêst, mar sy kinne wol spylje. Dat betsjut dat Cambuur yn deselde opstelling begjint as ôfrûne snein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)