Helte tsjerken Ljouwert ticht

17 apr 2008 - 16:18
  • Oft de Koepeltsjerke ek de doarren slút is noch net dúdelik

De helte fan de PKN-tsjerken yn Ljouwert slút mooglik de doarren. Dat seit de tsjerkeried fan de PKN yn Ljouwert. Dat is nedich om't de kosten omheech gean. Hieltyd minder minsken gean nei tsjerke en dus moatte de kosten ek troch minder minsken opbrocht wurde.

De tsjerkeried fynt ek dat de gemeenten yn de takomst mear mei elkoar oplûke moatte om de posysje te fersterkjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)