Helte Thialfjild nei Ljouwert

17 feb 2012 - 11:33

Gemeentebelangen Hearrenfean wol dat de provinsje it bedrach fan 40 miljoen euro dat beskikber is foar in nij Thialf earlik ferdielt tusken de iisbanen fan Ljouwert en It Hearrenfean. De partij makket him soargen oer de oanpak fan de plannemakkers, omdat dy har kaarten op nijbou by Sportstêd sette.

Gemeentebelangen is benaud dat de finansjele stipe fan 'e provinsje yn gefaar komt, omdat in mearderheid yn de steaten hielendal net nij bouwe wol.

As dat betsjut dat it jild hielendal net beskikber komt, komt de reedriderij yn gefaar. Dêrom wol Gemeentebelangen dat it jild beskikber komt foar it reedriden as breedtesport en dat it by foarkar ferdield wurdt tusken Ljouwert en It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)