Helte taksysjauffeurs wer wurk

15 feb 2011 - 21:40

Mear as de helte fan de meiwurkers fan de fallite taksybedriuwen Súdwest en Noardwest Fryslân bliuwe oan it wurk. 85 fan de 160 personielsleden kinne oan it wurk by de Vervoerscombinatie Friesland. Dy klup fan seis taksybedriuwen hat de ritten fan de fallite bedriuwen oernommen.

Sa'n 20 oaren krije in kontrakt by in taksybedriuw yn Makkum. It fakbûn CNV makket him wol soargen oer de kontrakten fan de minsken. Guon krigen flink minder oeren as se earder hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)