Helte papierfabryk ferhuzet

13 feb 2004 - 00:00

De 2 bedriuwen fan it Ljouwerter Papier Fabryk, LPF-Boxes en LPF-Flexible Packaging, geane útelkoar. No sitte beide bedriuwen ûnder ien dak oan de Harnzertrekwei yn de binnenstêd.

LPF-Boxes sil nij bouwe op in yndustryterrein yn Ljouwert en LPF-Flexible Packaging giet oer nei in susterbedriuw yn Gruttegast. De nijbou en de ferhuzing moatte oan de ein fan dit jier realisearre wêze. By beide bedriuwen wurkje 100 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)