Helte OV-chipkaarten útjûn

02 nov 2009 - 14:43
  • Al mear as 5000 chipknips útjûn

Fan de 10.000 OV-chipkaarten fan de provinsje is al mear as de helte fuort. Sûnt ein septimber kin de kaart fergees oanfrege wurde fia ynternet. Op de chipkaart stiet 5 euro wêrmei't yn de trein en de bus reizge wurde kin. De provinsje hat de aksje opset om de chipkaart goed te promoaten.

De chipkaart moat op termyn de strippekaart en it treinkaartsje ferfange. De provinsje ferwachtet dat ek de lêste 5000 kaarten fuort wêze sille as de aksje ein novimber ôfrint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)