Helte minder besikers kristlik Festival 316 yn Oerterp

09 maaie 2015 - 15:39
  • Festival 316 yn Oerterp

It kristlike Festival 316 yn Oerterp lûkt sneon twatûzen besikers. Dat is sawat de helte minder as ferline jier. Dat komt omdat de organisaasje foar in nije opset keazen hat. Der is minder muzyk en in grut part fan it programma is dit jier oerdeis. Njonken de muzyk binne der ek tal fan sprekkers en workshops.

It Festival 316 wurdt dit jier foar de achtste kear hâlden. It fynt plak op it terrein fan Oerrock, dat Himelfeartsdei fan start giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)