Helte guozzen út park helle

29 jan 2008 - 16:58
  • De guozzen yn it net
  • In kanofarder soarge foar it opdriuwen op it wetter

Yn Boalsert is tiisdei in keppel guozzen út in parkje weihelle. De fûgels feroarsaken oerlêst yn 'e buert fan 'e Eekwerdleane. Se stappe al 15 jier yn in parkje dêr om. Guon buertbewenners fine dat de groep te grut is.

In spesjalisearre bedriuw hat de guozzen fongen. Earst soe de hiele groep fongen wurde, mar bliken die dat de groep út twa famyljes bestie. De iene famylje is no meinaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)