Helte fan Fryske skoalpleinen is smookfrij

10 feb 2015 - 10:18
  • Der binne noch altyd learlingen dy't smoke
  • It skoalplein fan it Piter Jelles Dalton yn Dokkum is sûnt dit jier smookfrij

Op hast de helte fan de pleinen fan it Fryske fuortset ûnderwiis wurdt net mear smookt. Dat oantal is yn 2014 ferdûbele, dat meldt it Longfûns. Yn 2013 wie noch mar 18 prosint fan de skoalpleinen smookfrij. Fryslân sit krekt wat ûnder it lanlik gemiddelde, dat leit op 50 prosint. De provinsje Seelân skoart it minst neffens it Longfûns. Sa'n twa op de tsien pleinen binne dêr smookfrij.

Op it Piter Jelles Dalton yn Dokkum is it skoalplein sûnt it begjin fan dit skoaljier smookfrij. De lokaasjedirekteur fernimt dat it tal smokers bot ôfnaam is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)