Helte bedriuwen op VVV-site

09 mrt 2012 - 11:58

De helte fan 'e Fryske toeristyske bedriuwen is op dit stuit werom te finen op de webside fan de VVV Fryslân. De VVV hat yn jannewaris alle ûndernimmers yn de branzje oproppen om har gegevens troch te jaan, sadat se op ien ynternetside komme. Dat is yn it belang fan de ûndernimmers en fan Fryslân as toeristyske provinsje, seit de VVV.

De organisaasje hat it projekt opset yn gearwurking mei Fryslân Marketing en rekreaasjeskip de Marrekrite. Se sille de ûndernimmers dy't noch net reagearre ha, nochris benaderje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)