Helptsjinsten yn aksje foar auto yn Iselmar by Breesândyk

09 aug 2015 - 12:34
  • Dûkers waarden ynset om nei te gean oft der noch minsken yn de auto sieten

Op de Ofslútdyk by Breesândyk binne yn de nacht fan sneon op snein de helptsjinsten massaal yn aksje kaam foar in auto te wetter yn de Iselmar. Omdat net dúdlik wie oft der noch minsken yn de auto sieten waarden ek dûkers ynskeakele. Dy hawwe de auto trochsocht, mar net ien oantroffen.

It is noch net dúdlik hoe't de auto te wetter rekke. De plysje docht noch ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)