Helptsjinsten sykje nei slachtoffer yn sleat Hilaard

03 nov 2015 - 07:43
  • Yn de sleat waard wol klean fûn

De helptsjinsten hawwe moandeitejûn yn in sleat by Hilaard in skoft socht nei in mooglik slachtoffer. In foarbygonger hie wat yn it wetter driuwen sjoen dat like op in persoan en belle dêrom it alarmnûmer.

Fiif brânwachtauto's, twa plysje-auto's en in ambulânse kamen om help te ferlienen. In dûker fûn yn de sleat in boadskiptas fol klean en ek losse klean, mar in slachtoffer is net oantroffen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)