Helptsjinsten: rêstige nacht

01 jan 2014 - 12:24
  • Ambulânse

De Fryske plysje en de brânwacht ha it âldjiersnacht relatyf rêstich hân mei de jierwiksel. Mei-inoar binne 27 minsken oppakt foar allerhanne misdragingen lykas fernielings en bedriging. In man (20) út Tollebeek hat in plysjefrou yn Drachten mishannele. Hy sloech mei de fûst tsjin har kiel en dêrtroch is de frou fallen. Se moast mei ferskate kniezings nei it sikehûs. De man sit noch fêst.

De brânwacht moast hast hûndert kear útrukke en hie it drok mei foaral lytse brantsjes bûtendoar, lykas konteners, caravans en boumaterialen.

De medyske tsjinsten hawwe in relatyf rêstige jierwiksel hân. De ambulânsetsjinsten moasten hast 60 kear op paad. Se hawwe 40 minsken nei de ferskillende sikehuzen brocht. Op It Amelân is in fjoerwurkslachtoffer mei de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht. De man rekke ferwûne neidat in stik fjoerwurk yn syn gesicht útelkoar spatte.

De meldkeamer yn Noard-Nederlân hat mei de jierwiksel 2370 telefoantsjes hân. Dat binne 400 minder as ferline jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)