Helptsjinsten fergees ynset

15 jan 2010 - 08:46
  • Helptsjinsten fergees ynset (foto: Roberjan Boonstra)

De helpferlieningstsjinsten binne freed tsjin achten manmachtich útrukt fanwege de melding fan in auto dy't yn it wetter rekke wie. Dat wie oan it Amelandshof yn Ljouwert. By oankomst die bliken dat it net om in auto gie, mar dat immen in brânend fytslampke yn it wetter smiten hie. Under it iis like dat krekt de lampe fan in auto.

Under oare dûkers út Ljouwert, mar ek út Damwâld en de Westerein waarden nei it Amelandshof stjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)